Iensume âlderen kinne mei elkoar itensiede op Rozemarijndei

25 aug 2017 - 08:45

Spesjaal foar iensume 80-plussers wurdt op 13 septimber in itensiedersworkshop fersoarge yn Snits. Bedoeling is dat minsken tusken de 18 en 65 harsels mei in 80-plusser opjouwe. In profesjonele sjefkok helpt har dan om in trijegongemenu op tafel te setten. De saneamde Tante Rozemarijndag is betocht troch in sjefkok dy't wat dwaan wol foar iensume âlderein.

Op ferskate plakken yn Nederlân wurdt de Tante Rozemarijndag organisearre. Yn Snits is der romte foar tsien duo's. Opjaan kin op www.tanterozemarijn.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)