Omrop TIP: De wûnderpoppe fan Roptasyl

26 aug 2017 - 15:00

Roptasyl. It is mar in stipke oan de waadkust by Harns, mar dochs witte in soad minsken fan it bestean. Miskien fanwege it gemaal dat dêr stiet, of de fiskhevel dy't glêsiel de kâns jout om it swiete Fryske wetter yn te kommen. Mar echt lanlike bekendheid kaam der troch it 'Wûnder fan Roptasyl', no 16 jier lyn. Majella en Klaas Kuiken, doe beiden al om de 50 hinne, krigen folslein ûnferwachts noch in poppe: Maike Jildou. Nei publikaasjes yn tsientallen media stie it lân op 'e kop. Fan oeral op 'e wrâld kamen kaarten, kadootsjes en blommen foar de wûnderpoppe fan Roptasyl. Nei 16 jier sjogge we werom mei heit, mem en dochter. Maike blykt in ècht bern fan de kust, dy't eins alle dagen wol achter de dyk op it Waad komt.

Op 'e seedyk moetsje we Klaas Kuiken. Hy is fergroeid mei Roptasyl en wol der nea wer wei. Syn bân mei it waad, de dyk en it gemaal. As behearder hat er jierren ferantwurdlik west foar it gemaal, mar sûnt in pear is er mei pensjoen. Dochs wennet er mei frou en dochter noch altyd yn de tsjinstwenning. "Ik mach hier woane su lang at ik wil. Dat it sil wel mei de foeten omhooch weze at ik hier weg gaan", fertelt Klaas yn echt Biltsk. Bútsoeke docht er noch altyd, mar it setten fan fûken kin net mear. En ek de Fryske hynders dêr't er sljocht op is, hat er fuort dwaan moatten: "Ik moest it rustiger an doen, dan is't niet aans."

Gemaal

Yn it gemaal sels treffe we rayonbeheerder Sybold Krol fan Wetterskip Fryslân. Hy is de opfolger fan Klaas by it wetterskip. "Ik hoegde it net yn de holle te heljen om ek de tsjinstwenning oer te nimmen. Doe't we it dêr ris oer hiene sei er 'Ik hew in groat jachtgeweer onder it bêd, dus ik sú mar niet wage at ik dy was...". Mar gelokkich kinne dy twa goed mei inoar, benammen om't Krol like belutsen is by it gemaal as Kuiken. Se jouwe tegearre sels geregeld rûnliedings. Yn detail wurdt dan ferteld oer de striid tsjin it wetter, it foarkommen fan it sâlter wurden fan de grûn en it spuien fan swiet boezemwetter as it dêr te heech stiet. Grutsk binne beiden ek op de saneamde fiskhevel. "We binne hjir sa ôfjage op de komst fan de earste glêsiel, dat is krekt as foar fjildminsken it finen fan it earste ljipaai", fertelt Krol.

Grytman Worp van Ropta

Hoefolle oft de mannen ek witte oer it wetter, de fisk en de skiednis fan de slûs, nei hokker Ropta no krekt ferwiisd wurdt yn de namme fan it doarp en it gemaal, witte se net. Dr. Hans Cools, histoarikus by de Fryske Akademy wit it wol. Hy fertelt dat it giet om in ferwizing nei de selde Ropta-famylje dy't ek yn Dongeradiel bekend is. It Ryksmuseum yn Amsterdam hat sels in portret yn de kolleksje fan grytman Worp van Ropta (1504-1551), dat it Museum Martena yn Frjentsjer yn brûklien hat.

Maike

It meast wurdt lykwols noch altyd praat oer de wûnderpoppe, as it oer Roptasyl giet. De markante Klaas Kuiken fertelt yn syn eigen direkte wurden oer dit bysûndere barren. Ek mem Majella docht har ferhaal en stiet stil by al dy minsken dy't gjin bern krije kinne. "En dan krije we der sa mar ien op ta. It is net te leauwen." Maike Jildou sels is der sa nochter as wat ûnder. "Ik ha de ferhalen wol heard en al dy albums wol sjoen, dus ik snap wol dat it bysûnder wie. Dat myn âlden wat âlder binne, hat my nea yn 't paad sitten. Ik fiel my hjir thús, fanwege heit en mem en fanwege dat moaie plakje oan de seedyk. Ik mei graach troch it slyk rinne en ha der as famke ek altyd in soad boarte. Ik bin ek echt in famke fan de kust. Myn freondinnen út de stêd snappe dat net altyd, mar ik fyn it hearlik."

De besite oan Roptasyl makket diel út fan de rige waadferhalen dy't Buro de Vries fan 't simmer útsjoert. It is de achtste ôflevering fan de simmerrige "Ferhalen fan it Waad", alle sneinen yn Buro de Vries en ek beskikber as podcast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)