Ljouwerter pakt mei drugs op Psy-Fi-terrein

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De plysje hat op it Psy-Fi-festivalterrein yn de Griene Stjer by Ljouwert in man oppakt omdat er drugs by him hie. De Ljouwerter (48 jier) holp by it oprêden fan it festivalterrein. De plysje hie der in tip oer krigen en fûn yn de auto fan de man 29 pûdsjes hennep en ek hennepkoekjes. De fertochte is meinaam nei it buro en fêstset foar fierder ûndersyk.