Topdei foar Marit Bouwmeester op WK

24 aug 2017 - 16:23
Marit Bouwmeester - Foto: ANP

Sylster Marit Bouwmeester hat tongersdei har bêste dei op it WK oant no ta hân. Se wûn beide races. Dêrtroch is se yn it klassemint no opklommen nei it twadde plak. Allinnich Evi van Acker út België stiet noch earste en is har grutste konkurrint.

Bouwmeester begûn it wrâldkampioenskip yn de Laser Radial klasse yn Medemblik noch dramatysk mei in 61e plak nei de earste dei, mar se hat dêrnei in geweldige ynhelrace ynset. Alle sylsters meie harren twa minste races fuortstreekje. Yn it klassemint is no ien race fuortstreke, mar as je twa dogge, stiet Bouwmeester al earste. Se kin har troch har minne earste dei lykwols neat mear permittearje. It is alles of neat.

"It wie in prima dei" sei se. "Fan no ôf farre we yn de 'gold fleet'. Dêryn wurde noch in soad punten ferdield. De striid om de titel begjint eins freed pas echt."

It WK duorret noch oant en mei sneon. Der binne noch fjouwer races te gean, as it waar dat tastiet. Bouwmeester waard ek wrâldkampioen yn 2011 en 2014 en is de reagearjend Olympysk kampioene.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester WK silen
(Advertinsje)
(Advertinsje)