IFKS-skûtsje Grutte Pier earste op Tsjûkemar

24 aug 2017 - 16:19

It Jorwerter skûtsje Grutte Pier mei skipper Lucas Bouma is tongersdei als earste einige by it IFKS skûtsjesilen op de Tsjûkemar by Ychtenbrêge. As twadde kaam de Lytse Lies fan skipper Tony Brundel oer de einstreek en It Doarp Eastermar mei skipper Geale Tadema finishte as tredde.

Skipper Lucas Bouma fynt it geweldich dat er mei syn skûtsje wûn hat. "Dizze ha we moai te pakken en dy nimme se ús net mear ôf", seit er laitsjend.

Degradaasje?

Foar it Makkumer skûtsje De Zes Gebroeders ferrûn de wedstriid minder goed. De kampioen fan ferline jier kaam as 13e oer de streek en stiet no op degradaasje nei de minne resultaten fan de ôfrûne dagen. Dochs bliuwt skipper Klaas Kuperus posityf. "We sille moarntemoarn betiid traine en sjen as we it skip wer oan de praat krije, sadat we de lêste twa wedstriden wer goed meidwaan kinne. Wy gean derfoar, foar de folle 100 persint."

Op nei De Lemmer

Nei dizze fjirde wedstriid stiet freed De Lemmer op de aginda. Der moatte noch twa wedstriden syld wurde en der wurdt noch besjoen oft de wedstriid fan Hylpen ynhelle wurdt. Dy gong sneon net troch fanwege de hurde wyn.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

Trefwurden: 
IFKS skûtsjesilen
(Advertinsje)
(Advertinsje)