Fryske aksje foar Mauro

28 okt 2011 - 16:10

De 20-jierrige Ljouwerter studinte Francine IJkema wol in aksje op tou sette om de Angolese Mauro yn Nederlân te hâlden. In mearderheid yn de Twadde Keamer wol de 18-jierrige jonge útsette nei Angola. En dat mei neffens Francine perfoarst net barre.

Se lûkt har it lot fan Mauro bot oan en kin der net fan sliepe. Dêrom wol se nije wike sneon op it Maliefjild yn Den Haach mei in pear tûzen minsken demonstrearje. Se hat yntusken in fergunning oanfrege.

(Advertinsje)
(Advertinsje)