Lieuwe Westra fytst foar it lêst yn Trynwâldster tocht

24 aug 2017 - 15:13

Hurdfytser Lieuwe Westra rydt sneon oer in wike syn lêste wedstryd foardat er nei Australië ferhûzet. Westra docht dan mei oan de Omloop van Trynwâlden. Dat is ek de streek dêr't er begûn yn de hurdfytswrâld. Tsien jier lyn wûn Westra de Omloop van Trynwâlden.

Njonken Westra dogge ek reedriders Sven Kramer, Bart Vreugdenhil en Douwe de Vries mei oan de koers troch Oentsjerk en omkriten.

(advertinsje)