It Koartling yn Bûtenpost wurdt opknapt

24 aug 2017 - 15:03
It Koartling yn Bûtenpost - Foto: Google Street View

Yn Bûtenpost wurdt fan 't hjerst begûn mei de renovaasje en útwreiding fan sosjaal-kultureel sintrum It Koartling. Der komt in romte by foar workshops en kursussen en nije húskes. It Koartling wurdt ek tagonklik makke foar minsken mei in beheining en wêr't dat kin wurde enerzjybesparjende maatregels naam.

De renovaasje wurdt betelle mei bydragen fan de provinsje en in pear fûnsen, mar It Koartling nimt it grutste part fan de kosten sels foar rekken. Dat dogge se ûnder mear mei in ynsamlingsaksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)