Ineke van Gent beneamd ta boargemaster Skiermûntseach

Ineke van Gent © Ineke van Gent
Ineke van Gent is troch de minister offisjeel beneamd ta boargemaster fan Skiermûntseach. De beneaming giet op 26 septimber yn. De 60-jierrige Van Gent is no noch direkteur fan de NS yn it noardeasten fan Nederlân. Dêrfoar wie se ûnder oare lid fan de Twadde Keamer. Ineke van Gent wurdt de opfolger fan Dick Stellingwerf, dy't de post fan boargemaster op Skier tydlik ynfolle hat.