Alve nije projekten yn programma Lân fan Taal

Yn de twadde subsydzjeronde fan Lân fan Taal binne alve meartalige mienskipsprojekten honorearre. Se wurde dêrmei opnaam yn it iepen programma fan Lân fan Taal. Fan de 25 projekten dy't har oanmeld hawwe, waarden sân grutte projekten talitten en ek fjouwer lytsere projekten krije subsydzje.
De gruttere projekten binne:
1. Op de flechtlingeskoalle Master Amiko yn Snits leare flechtlingen mei help fan gebeartetaal kommunisearjen. Learlingen kinne sa flugger de Nederlânske taal leare.
2. De fjouwertalige (Nederlânsk, Frysk, Liwwadders en Dútsk) literêr-teätrale kuier De Wuttelhaven del fertelt it ferhaal fan de oarlochsroman fan Steven H.P. de Jong.
3. By it projekt Fier dyn Frije taal wurde op 14 skoallen yn Fryslân dichtwurkwinkels organisearre.
4. Us Buorman yn Tallinn is in teäterprojekt fan Stichting HOMSK Theater dêr't de ferhalen fan Friezen en mei-Europeanen sintraal steane. De foarstelling is te sjen op ferskate festivals yn de hiele provinsje.
5. ‘De profylfoto fan Klaas’ is in muzikale teäterproduksje mei as beaken de tsjerketoer fan Wommels. Kliïnten fan Talant meitsje dizze foarstelling yn ‘e mande mei in Sweedsk koar, in muzykferiening en ferskate keunstners.
6. It projekt Lûd bringt lûdkeunsters út de hiele wrâld nei de bosk fan Riis. Kunstkring Gaasterland organisearret dizze eksposysje yn augustus en septimber 2018.
7. Taal, lânskip en identiteit steane sintraal by it projekt Moaie Plaatsys. Mei audiofisuele presintaasjes en in mobile fotostudio wurdt in tiidsdokumint fan it Bildt makke.

Yn de kategory lytse projekten hawwe fjouwer projekten in subsydzje krigen: in sympoasium oer it skriuwen yn it Stedsfrysk, jubileumtoer fan it Jankfoddekoar Tûzen Triennen, in poëzymiddei yn Balk en in taalsafari yn Ljouwert.
Fan 4 oktober oant 1 novimber kinne nije mienskipsprojekten har oanmelde foar subsydzje. Mei dizze finansjele stipe wol de provinsje fernijende projekten op it mêd fan meartaligens, taal en it Frysk stimulearje.