Automobilist deadlik ûngelok Jirnsum krijt 6 moanne selstraf

De 19-jierrige automobilist dy't ferline jier yn april in deadlik auto-ûngelok feroarsake yn syn wenplak Jirnsum moat 6 moanne de finzenis yn, wêrfan 5 moanne ûnder betingst. Dêrneist krijt er 240 oere wurkstraf en in rydûntsizzing foar 3 jier. Dat hat de rjochter tongersdei besletten yn de heger beropsaak tsjin de man. It hôf fûn it belangryk om sel op te lizzen om dúdlik te meitsjen dat it serieus is. Dat dit soarte fan ferkearsoertredingen net kinne.
By it ûngelok 13 april op de Reinerswei by Jirnsum kaam in famke fan 14 om it libben, trije oare ynsittenden rekken ferwûne. Earder al waard de fertochte feroardield ta in wurkstraf fan 240 oeren. It Iepenbier Ministearje gong tsjin dy straf yn berop en easke in finzenisstraf fan 14 moannen en it ynlûken fan it rydbewiis foar trije jier.