Ljouwerter fabryk hat bot te lijen fan djoere fanylje

24 aug 2017 - 13:53

Nielsen-Massey Vanillas, it fanyljefabryk yn Ljouwert fernimt bot dat de fanylje folle djoerder wurden is. Der is folle minder oanbod en dus binne de prizen foars omheech gien. Koste in kilo fanylje twa jier lyn noch 80 dollar, no is dat al mear as 500 dollar. Nielsen-Massey makket fanylje-ekstrakt foar de Europeeske merk en har ynkeapprizen binne eksplodearre.

Sykloan en kriminaliteit

Ien fan de oarsaken is in grutte sykloan dy't yn maart oer Madagaskar raasde, dy hat in kwart fan de risping fernield. Mar der is ek in soad kriminaliteit, de fanylje wurdt stellen. Om dat foar te kommen helje de boeren de pûlen earder fan it lân en dan binne der mear pûlen nedich om deselde smaak te krijen. En dat wylst hast alle fanylje út Madagaskar komt.

Tekoart

Foar Nielsen-Massey Vanillas yn Ljouwert betsjut dat net allinne dat har ynkeappriis bot omheech gien is, mar om't der minder oanbod is kinne sy mooglik net al har klanten betsjinje. Om út te sykjen wat der no krekt spilet yn Madagaskar is der in delegaasje fan it Amerikaanske memmebedriuw no nei it lân ta. Ek om te sjen oft se helpe kinne de boel better op de rit te krijen.

Trefwurden: 
fanylje Nielsen-Massey
(Advertinsje)
(Advertinsje)