Cambuur: Kontrakt foar Rossi; Van Wermeskerken traint mei

24 aug 2017 - 13:18

De Switserske spits Karim Rossi hat in kontrakt tekene foar ien jier by SC Cambuur. Rossi wie al in skoft op proef by de Ljouwerters dy't no de knoop trochhakt hawwe. "Hij heeft wel wat", seit Cambuur-trainer Marinus Dijkhuizen. It liket der op dat alle formaliteiten ek op tiid rûn binne. As dat sa is, dan sit Rossi freed foar de útwedstriid tsjin De Graafschap by de seleksje.

Dat jildt noch net foar in oare nijkommer, Sai van Wermeskerken. De rjochtsback, mei roots yn Japan, is ôfkomstich fan FC Dordrecht, mar krige ferline wike yn de wedstriid tsjin Fortuna Sittard in reade kaart. Hy is foar ien wedstriid skorst. By Cambuur is Marvin Peersman skorst nei in reade kaart ferline wike tsjin Jong Ajax. Xander Houtkoop wurdt syn ferfanger as rjochtsback. Links foaryn spilet Issa Kallon. Dat giet ten koste fan Justin Mathieu.

Opstelling Cambuur: Bertrams; Houtkoop, Schilder, Steenvoorden, El Baad; Boerlage, Kip, Schils; Kallon, Barto, Daniëls.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)