Fraach nei nij personiel hieltyd grutter by GGZ Friesland

24 aug 2017 - 12:29

GGZ Friesland, de geastlike sûnenssoarch yn Fryslân, is der noch hieltyd net yn slagge om genôch nije minsken oan te nimmen. Earder dizze simmer waard al bekend dat de organisaasje sit te springen om nij personiel. Der is benammen in tekoart oan psychiaters en psychologen, mar ek oan ferpleechkundigen. Yntusken hawwe har al wol ferskate minsken meld, mar dy beskikke net oer de goeie papieren. De GGZ goait no fergees ûnderdak yn de striid, om nije minsken te krijen.

Akút probleem

Ton Dhondt fan de Rie fan Bestjoer fan de GGZ leit út hoe't dat fergeze ûnderdak krekt wurket. "Dat is een out of the box gedachte die we hebben ontwikkeld, omdat er in september een acuut probleem ontstaat voor een psychiater. Wanneer er iemand uit Limburg een maand deze functie wil invullen, zorgen wij dat er hier onderdak is. Het is geen huis voor de eeuwigheid, maar echt voor een noodsituatie."

Oarsaak fan it personielstekoart

Want it giet yntusken om in needsituaasje, jout Dhondt ta. "Er zijn veel vacatures voor hoogopgeleid personeel en mensen gaan steeds vaker met andere werkgevers in zee, waardoor we lastig mensen kunnen vinden." De pasjinten sille lykwols net folle merke fan it personielstekoart, ferwachtet Dhondt.

Fleurige takomst

Hy sjocht de takomst fan de GGZ fleurich yn. "De acties die we al hebben gehouden hebben het nodige succes opgeleverd. We moeten te allen tijde voorkomen dat patiënten eronder zullen lijden. Er ligt een plan klaar om te zorgen dat onze patiëntenzorg niet in het gedrang komt. Ik ga er van uit dat we een aantrekkelijke organisatie en provincie zijn."

(Advertinsje)
(Advertinsje)