Tal toeristyske oernachtingen yn Fryslân ôfnaam

24 aug 2017 - 11:57

It tal toeristyske oernachtingen yn Fryslân is de ôfrûne jierren ôfnaam. Yn de perioade 2014 oant 2016 wiene der goed 100.000 minder oernachtingen yn ús provinsje en dat is in delgong fan twa persint. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, sa hat it Frysk Sosjaal Planburo ûndersocht. De delgong yn Fryslân is opfallend, om't der lanlik just mear toeristen in oernachting boekten. Goed nijs foar de sektor is dat it oantal deibesikers yn Fryslân wol justjes tanaam is.

De measte bûtenlânske oernachtingen yn Fryslân komme út Dútslân. Sa'n 80 persint is Dútsk. Se komme foaral nei de wettersportgebieten en de Waadeilannen. Opfallend is dat it tal oernachtingen fan Dútske besikers ôfnaam is, fan 1.055.000 oernachtingen yn 2014 nei 993.000 oernachtingen yn 2016. Lanlik is it tal oernachtingen fan Dútske toeristen tanaam sûnt 2014, dus hoewol't der mear Dutsers nei ús lân komme, komme se minder faak nei Fryslân.

It  Frysk Sosjaal Planburo ferwachtet takom jier in soad toeristen yn Fryslân, omdat Ljouwert dan kulturele haadstêd fan Europa is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)