Plysje siket tsjûgen fan oanriding mei scootmobyl

© De Vries Media
De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok ôfrûne tiisdei, wêrby't in man yn syn elektryske scootmobyl oanriden waard troch in frachtwein. It ûngelok barde op de krusing fan de Noarderhegewei en De Lange West yn Drachten. De 45-jierrige man wie mooglik troch it reade stopljocht riden en rekke dêrby slim ferwûne doe't er oanriden waard troch in frachtwein.
De plysje komt graach yn kontakt mei minsken dy't wat sjoen hawwe yn ferbân mei it ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.