Kollum: "De herûntdekking fan de krante"

24 aug 2017 - 08:20

"Ik ha tóch mar wer ien kocht: in tablet kompjûter. It is myn tredde, en de twa eardere tablets gongen beide nei twa jier de doar út om’t ik se net brûkte. Reden genôch om hjir nea wer jild oan út te jaan. Mar dus toch. En dat komt troch de krante.

Papieren kranten ha nea echt yn myn libben west. Ja, eartiids, op ‘e Ivige Leane bij ús thús, de Ljouwerter. Mar sels ha ik heechút wat proefabonneminten hân mei papier. En no wenje ik al in jier as tolve mear as trije treppen heech, en dan is moarns it papier út de bus ûnder opheljen ferskriklik. Plus: ik fyn dat ik in moderne man bin, en by de digitale generaasje hear. Dus dêr heart gjin papier by.

Fanôf doe’t it koe, lies ik de kranten digitaal. Earst op de website fan de kranten, mar letter ek yn apps, op tablets. Hiel fancy wie dat earst noch net, want yn feite krigest gewoan foto’s fan de ‘echte’ krante. Ik wit noch goed hoe’t ik tech-sjoernalist en ûndernimmer Alexander Klöpping him in kear drok meitsjen seach oer dit fenomeen. It binne gewoan PDF’s, sei hy, sûnder ferwizingen nei de rest fan it ynformaasje-rike ynternet, of nei ferwante artikels. Hy neamde de kranten hopeleas âlderwetsk. Dit koe dochs oars, en ik wie it wol mei him iens.

Hy sei dat kranten ek fierstente folle leunden op harren âlde businessmodel fan papieren abonneminten. Hy makke him soargen, en mei reden, want al mear as fyftjin jier dale de oplagen fan de kranten. En foars ek: yn 2016 wie de oplaach fan alle Nederlânse kranten byinoar 2,3 miljoen. Dat wiene der mei de iuwwiksel sa’n twa miljoen mear: hast it dûbele.

Klöpping begûn mei Blendle, in digitale tsjinst, dêr'tst alle krante-artikels yn fine en keapje kinst. Bist net mear ôfhinklik fan ien abonnemint. Prachtich, fûn ik, en melde my oan. De tablet gong de doar út. Alles op de kompjûter, want dy hie ik dochs al. Gjin papier mear, en in bettere miks fan ferskate media. Dat is ek goed, want dan soe ik mear te lêzen krije as dat wat De Volkskrant of de NRC my fertelde. Ik melde my oan foar nijsbrieven en folge op twitter belangrike nijskanalen. Ik soe better ynformearre wurde en mear lêze, sa hie ik betocht.

Mar sa gong it net. Wêr’t it krekt oan leit, wit ik net. Mar ik lies hieltyd minder. Nijsbrieven ferwidere ik net-lêzen út myn mailbox. En it listsje mei ‘moat ik nochris besjen’ waard grutter en grutter, oant ik it mar hielendal sitte liet. En wat ik noch wol lies, kaam hieltyd mear út in digitale bubbel. Ik krige artikels oanrekommandearje troch ferskillende tsjinsten op basis fan wat ik al lêzen hie. Mar, sa lies ik hieltyd mear fan itselde, en ferlear ik myn ynteresse.

De skok kaam yn in kafee. Om even skoft te hâlden fan wat wurk, pakte ik dêr in papieren krante fan de stamtafel. Noflik by in kopke tee. En it befoel my. Moai foarmjûn, en der stiene saken yn dy’t ik nea ferwachte te lêzen. Fasinearjende stikken, stikken dy’t ik stom fûn, mar wol nijsgjirrich. En sa handich yndield yn katernen, en mei in logyske folchoarder.

Oan de lingte fan it artikel kinst wol ûngefear sjen hoe belangryk it nijs is. Der floepten gjin notifikaasjes op yn de rjochter boppehoeke. En mei in koarte scan fan de pagina kinst sjen oft in stik wat foar dy is of net. Dat kin digitaal net. En it aldermoaiste: kinst ‘m út hawwe. Probearje dat mar ris mei ynternet. Ik rekke de tiid folslein kwyt en skrok op fan de betsjinning dy’t frege of’t ik noch wat drinke woe. Want it wie in oere letter.

It sil wol dom hearre, mar it wie echt in herûntdekking. Ik hoech dat ding net op papier, it kin ek te fier gean, mar ik wol gewoan wer in krante moarns. Digitale abonneminten binne ek wol safolle goedkeaper as in papieren, datst in tablet der echt wol út hast nei in jier as twa. Dus fandêr dat ik no neist myn twa kompjûters en myn smartphone ek noch in tablet ha.

Stean hast gjin apps op. Allinnich mar nijs- en krante-apps. En alle notifikaasjes steane út. Sadat ik wer rêstich myn krante lês."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)