LTO Noord: "De oerheid is fierstente sleau"

24 aug 2017 - 06:52

Der moat erkenning komme fanút de polityk foar it probleem fan de Nederlânske pikeboeren fanwege it fipronil-skandaal. Dat seit Piet Faber fan LTO Noord. Faber sil tongersdei mei ferskate pikeboeren nei Den Haach foar in publyksfreonlike aksje, wêrby't pikeboeren seane aaien útdiele sille. "De oerheid moat folle slachkrachtiger optrede", fynt Faber. "Der binne noch fierstente folle bedriuwen dy't mei tsjinstridige útslaggen fan meunsters sitte. It duorret mar en it duorret mar, der sit gjin gong yn."

Der moat finansjale stipe komme foar de bedriuwen dy't troffen binne. Dat is ien fan de aksjepunten dy't LTO Noord oan de polityk foarlein hat. "It sil jo mar gebeure dat jo fan de iene op de oare dei oardel oant twa miljoen euro skea hat. Dat rêde jo net as famyljebedriuw." Dêrom soe de oerheid jild út Brussel helje moatte foar de troffen bedriuwen.

Folle betrouwen yn de Nederlânske oerheid hat Faber lykwols net. "Us oerheid is gewoan sleau yn dit soart dingen. Se binne noait aktyf west om jild út Brussel te heljen. Der is ek al oerlis west mei de steatssekretaris en dêr wurde wy net echt bliid fan."

(advertinsje)
(advertinsje)