Fleantúchje makket needlanding

24 aug 2017 - 06:12
Foto: Omroep Flevoland

In fleantúchje dat woansdeitemiddei ûnderweis wie fan it fleanfjild fan It Amelân nei Lelystad Airport, hat in needlanding meitsje moatten. It gie om in foarsoarchsmaatregel, omdat der neffens de piloat problemen mei de motor wiene. Dat meldt Omroep Flevoland. De piloat sette it fleantúchje oan 'e grûn yn in stik greide by Lelystêd. Foar safier bekend rûn it tastel dêrby gjin skea op en rekke der ek nimmen ferwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)