Bauke Vaatstra docht mei oan Switserske reportaazje oer DNA

24 aug 2017 - 06:15

Bauke Vaatstra fan De Westereen is frege syn ûnderfinings mei DNA-ûndersyk te dielen mei de ynwenners fan Switserlân. Troch in grut DNA-ûndersyk waard yn novimber 2012 Jasper S., de moardner fan Vaatstra's dochter Marianne, opspoard.

Yn Switserlân wurdt op it stuit in nije DNA-wet taret en se binne dêr benijd nei de stân fan saken yn Nederlân. De 79-jierrige Vaatstra hat woansdei meiwurke oan in reportaazje foar de Switserske telefyzje. Dy hat as doel om minsken yn kennis te stellen hoe't DNA wurket en wat se der mei berikke kinne.

DNA wichtich

Hy jout de tip om sa gau mooglik DNA-ûndersiken mooglik te meitsjen yn Switserlân. "It giet derom dat je sa gau mooglik dieders fan swiere misdriuwen oppakke kinne. Moardners en ferkrachters meie net lang frij omrinne. DNA is wichtich, en dat kin ik no út eigen ûnderfining fertelle", sa seit Vaatstra.

"Yn Switserlân is der no in grut gefal fan ferkrachting en dy frou is bliuwend ynfalide dêrtroch", fertelt Vaatstra. "No sitte se mei de fraach oft se it wol of net ynfiere moatte." Vaatstra sels fynt fan wol en is dêr hiel dúdlik yn: "Absolút! Ynfiere en pakke soksoarte minsken."

(advertinsje)
(advertinsje)