IFKS-skiedsrjochter Spijkerman krijt Klaas en Sippypriis

23 aug 2017 - 21:42
IFKS skiedsrjochter Jos Spijkerman - Foto: Martin de Jong

De Klaas en Sippypriis is woansdeitejûn yn Sleat útrikt oan de 'umpire' fan de IFKS, Jos Spijkerman. Neffens de sjuery hat de oanwêzigens fan de skiedsrjochter in positive ynfloed op it skûtsjesilen en komt dêrtroch it silen ek posityf yn it nijs.

Ferline jier waard der foar it earst in skiedsrjochter oansteld by de IFKS, yn de persoan fan Spijkerman. Dit om de feiligens by it silen te fergrutsjen. By de SKS-wedstriden is der net sa'n skiedsrjochter.

De Klaas en Sippypriis is ynsteld yn 2012 by it ôfskied fan Klaas Jansma en Sippy Tigchelaar as Omrop-ferslachjouwers fan it skûtsjesilen. De priis is bedoeld foar ien dy't it IFKS skûtsjesilen it ôfrûne jier op in positive wize yn de publisiteit brocht hat. Klaas en Sippy sitte beiden yn de sjuery.

(Advertinsje)
(Advertinsje)