ONS Snits berikt earste ronde KNVB-beker troch winst op DFS

23 aug 2017 - 20:03

ONS Snits hat de earste ronde fan de KNVB-beker berikt. De treddedifizjonist wûn woansdeitejûn yn de twadde foarronde yn Opheusden fan DFS. It waard 2-1. DFS naam it inisjatyf yn de wedstriid, mar it wie Snits dat healweis de earste helte op foarsprong kaam troch twa goals fan Arton Musliu. De fan Harkemase Boys oerstapte Musliu miste foar rêst ek noch in penalty. 

Yn de twadde helte kaam DFS werom oant 2-1 nei in fûl offinsyf. DFS krige in flink tal kânsen, mar de Snitsers koene de lykmakker foarkomme en stean no yn de earste ronde fan it nasjonale bekertoernoai.

De lotting foar it haadtoernoai is kommende sneon.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal KNVB-beker
(advertinsje)
(advertinsje)