Krol, Van der Leest en Wijnia winne de 41e frouljus PC

23 aug 2017 - 18:56

Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia hawwe woansdeitejûn yn Weidum de 41e edysje fan de frouljus PC wûn. Yn de finale wienen Krol-en-dy te sterk foar it partoer fan Marije van der Meer. Dat partoer, mei ek Klasine Huistra en Annelien Broersma, ferlear úteinlik mei 5-2 en 6-4 fan de winners. It tredde plak gie nei Anna-Brecht Bruinsma, Mariska Hoogland en Melissa Rianne Hiemstra.

Sjanet Wijnia wie út 'e skroeven mei de oerwinning: "Geweldich! Dit wie eat wat je drome natuerlik." En ek Annelien Broersma wie net ûntefreden mei it twadde plak: "Ik ha noch noait yn de prizen keatst op de PC en foarich jier ha ik net iens meidien, dus dan is dizze wol hiel wolkom."

Krol, Van der Leest en Wijnia kamen yn de finale troch ienfâldich mei 5-0 en 6-0 te winnen fan Bruinsma-en-dy. Earder op dei waard ek ôfrekkene mei it partoer dat yn it foar favoryt wie foar de einoerwinning: Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra. It partoer fan Marije van der Meer hie nei de twadde omloop in steand nûmer en koe sa troch nei de finale.

Sjanet Wijnia is útroppen ta keninginne fan de PC. It winnende partoer wurdt tongersdeitejûn huldige yn Wommels.

Sjoch foar in folslein oersjoch fan de partijen en útslaggen ek op Omropfryslan.nl/keatsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)