Toer lâns delstoarte Lancaster yn De Alde Feanen

23 aug 2017 - 18:35

Nasjonaal Park De Alde Feanen is op 3 oktober de lokaasje fan in unike 'battlefield tour'. In groep minsken mei op dizze dei op ôfstân de bergingswurksumheden fan de Lancaster R5682 besykje. Dit Britske fleantúch stoarte yn 1942 del. De yntusken útferkochte toer wurdt organisearre troch it bedriuw Battlefield Tours út Grins. Sy organisearje toers nei slachfjilden fan de Twadde Wrâldoarloch yn Europa.

(advertinsje)
(advertinsje)