Guus Schram nije haadoffisier justysje Noard-Nederlân

23 aug 2017 - 18:19
Guus Schram (l) is foardroegen as nije haadoffisier fan justysje Noard-Nederlân - Foto: ANP

Guus Schram wurdt de nije haadoffisier fan justysje fan it parket Noard-Nederlân. Op foarstel fan it Kolleezje fan prokureurs-generaal hat minister Blok ynstimd om him foar te dragen ta haadoffisier fan it arrondissemintsparket per 1 septimber 2017.

Schram is 48 jier en begûn syn karriêre yn it jier 2000 as offisier fan justysje yn Rotterdam. Yn 2004 stapte hy oer nei it Lanlik Parket. De lêste trije jier wie hy prokureur-generaal fan Kurasao, Bonêre, Sint Eustatius en Saba. Schram folget Jan Eland op. Dy sil op 1 septimber 2017 oan it wurk as haadoffisier yn Limboarch.

(advertinsje)
(advertinsje)