Tradisjonele jazz komt werom yn Harns

23 aug 2017 - 16:52
King & Carter Jazzing Orchestra yn 1921 - Foto: Wikimedia Commons, Robert Runyon

De âlde jazz komt werom nei Harns. It Centrum Traditionele Jazz Harlingen is oprjochte yn stedsskouboarch Trebol. Doel is de oarsprong fan de jazz wer ûnder de oandacht te bringen, sa as dy yn begjin 20e iuw ûntstien is yn New Orleans en letter yn de Roaring Twenties. Dit muzyksjenre is wer populêr oan it wurden yn Nederlân, Dútslân en België.

Oait wie Harns in belangryk trefpunt fan de tradisjonele jazz yn Fryslân, mei as hichtepunt it jierlikse Waddensea Jazzfestival. It nije sintrum foar tradisjonele jazz hat foar kommend seizoen in programma opsetten, dat begjint mei in workshop op 25 septimber. Sjoch foar mear ynformaasje op friejam.nl.

Trefwurden: 
jazz Trebol Harns Friejam
(advertinsje)
(advertinsje)