It Swarte Wief wint IFKS-silerij op 'e Sleattemer Mar

23 aug 2017 - 16:03

Skipper Jaap Hofstee fan De Tynje hat woansdeitemiddei it IFKS skûtsjesilen op it wetter by Sleat wûn. Mei it skûtsje It Swarte Wief pakte skipper Hofstee op oertsjûgjende wize yn de slotfaze de dei-oerwinning. It twadde plak wie foar it skûtsje de Wylde Wytse fan skipper Sikke Heerschop. Dêrnei kaam Emanuel oer de finish, ûnder lieding fan skipper Merijn Olsthoorn.

''Goeie saken dien''

''Wy binne hartstikke bliid natuerlik. Fantastysk! Wy hawwe goeie saken dien'', fertelt skipper Jaap Hofstee. ''Dy earste wedstriid wie foar ús net goed, fyftjinde. Mar juster kamen wy al goed werom mei it twadde plak. Dat wy dan hjoed de oerwinning pakke, fielt geweldich!''

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de Omrop-app te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(Advertinsje)
(Advertinsje)