Marit Bouwmeester klimt nei fyfde plak op WK yn Medemblik

23 aug 2017 - 15:17

Marit Bouwmeester is op it wrâldkampioenskip dwaande mei in geweldige comeback. De sylster waard woansdei earste en twadde. Dêrtroch stiet se yn Medemblik yn it klassemint no fyfde. Nei de earste dei stie se noch 61e en tiisdei klom se nei plak 24

"Nei de earste dei ha we in tal prosessen behoarlik oanskerpe", lit Bouwmeester witte. "Dat levere tiisdei al in folle better nivo op. Itselde is slagge op dei trije. Nettstjinsteande de drege omstannichheden ha we twa moaie, stabile races delsette kinnen."

De Japanse Manami Doi stiet oan kop mei 21 punten. Bouwmeester hat 39 punten. Seis fan de tolve wedstriden binne no syld. Sneon binne de lêste twa.

(advertinsje)
(advertinsje)