Nyck de Vries wikselet fan team: nei Racing Engineering

23 aug 2017 - 14:17
Nyck de Vries - Foto: ANP

Autokoereur Nyck de Vries makket dit seizoen yn de Formule 2 ôf by in oar team. De Snitser giet nei Racing Engineering, en ferlit sadwaande it team fan Rapax. By Racing Engineering wurdt De Vries teamgenoat fan de Sweedske Gustav Malja.

De oerstap fan De Vries midden yn it seizoen is opmerklik te neamen. By Rapax wûn de Snitser dit jier noch syn earste race yn de Formule 2. Dat wie op it strjitsirkwy fan Monako.

(Advertinsje)
(Advertinsje)