Strider foar sekscampers by de Ofslútdyk ferstoarn

23 aug 2017 - 13:44

De man efter de sekscampers by Koarnwertersân is dea. Hemmo Por ferstoar dit wykein yn 'e âldens fan 73 jier. Por fierde yn 2015 in rjochtsaak tsjin de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy woe in fergunning ha foar de seis sekscampers dy't er by Koarnwertersân stean hie, mar de gemeente wegere dy ôf te jaan. Por krige gjin gelyk fan de rjochter. Hy hie ek plannen foar seksampers op noch folle mear plakken yn Noard-Nederlân. Por wenne de lêste jierren by Zienn, in ynstelling foar dak- en thúsleazen yn Ljouwert. Dêr is er ek ferstoarn.

(advertinsje)
(advertinsje)