Bosk om Slotpleats by Bakkefean yn âlde styl werombringe

23 aug 2017 - 13:32

De ferneamde Slotpleats by Bakkefean sels is al hielendal opknapt en no is it ta oan de bosk deromhinne. Natuurmonuminten wol dy wer yn âlde styl werombringe. De bosk by de Slotpleats hat de foarm fan in rút en hat in hiel soad paden en waard troch de oarspronklike bewenners brûkt om op in lyts terrein toch in hiel ein rinne te kinnen. Der komt ek in boartersplak foar bern yn de bosk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)