Mjitkundich ûndersyk nei seegat tusken It Amelân en Skylge

Rykswettersteat set bysûndere apparatuer yn om mjittings te dwaan yn it seegat tusken It Amelân en Skylge. Der komme fiif stielen frames mei mjitapparatuer op de boaiem fan it seegat te stean. De apparatuer is ûntwikkele mei de universiteiten fan Delft, Utrecht en Twente. De gegevens wurde ferwurke op ûndersyksskippen.
Der wurdt sjoen nei de wikselwurking tusken wyn, golven, sânferpleatsing en boaiemlibben. De ynformaasje dy't de mjittings opleveret is noadich om it kustbelied op langere termyn te bepalen. Doel is om de natuerlike bewegings te brûken by de kustbeskerming.
It ûndersyk duorret fiif wike en begjint op tiisdei 29 augustus. De ynformaasje is relevant foar de ûndersyksprogramma's Kustgenese 2.0 en SEAWAD. Kustgenese 2.0 is in projekt fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Dat projekt jout antwurd op de fraach hoe't se de Nederlânske kust op in duorsume, ekologyske en ferantwurde wize mei sân ûnderhâlde kinne en hoefolle sân op hokker plakken noadich is.