Beppe Janke rapt oer app-gekte

Beppe Janke van der Heide (86) út Aldwâld hat geregeld oanrin fan de bern en bernsbern. Mar altyd hawwe se dy âld telefoan yn 'e hannen. "Jim komme by my op besite, mar jim prate mei in oar", seit se dan. As it folk har teminsten heart. "Want as ik wat sis, dan hearre se it de helte fan de tiid net iens, sa drok binne se mei dy telefoan." Beppe Janke makke der in rap oer en dy wurdt op it stuit manmachtich besjoen en dield op -jawol- dy ferrekte mobile telefoan.