Utrikking Klaas en Sippypriis woansdeitejûn yn Sleat

Sippy en Klaas (yn it swart) hjir oan it wurk as ferslachjouwers (argyf) © Omrop Fryslân
De Klaas en Sippypriis sil woansdeitejûn útrikt wurde yn Sleat foarôfgeand oan de priisútrikking fan it IFKS skûtsjesilen. Dizze priis is ynsteld yn 2012 by it ôfskie fan Klaas Jansma en Sippy Tigchelaar as Omrop-ferslachjouwers fan it skûtsjesilen. De priis is bedoeld foar ien dy't it IFKS skûtsjesilen it ôfrûne jier op in positive wize yn de publisiteit brocht hat. Klaas en Sippy sitte beide yn de sjuery. Earder waard de priis altyd by de slotwedstryd op 'e Lemmer útrikt, mar no dus woansdei al yn Sleat.