File by de Holwerter pier en op Ofslútdyk nei Den Oever

23 aug 2017 - 10:12

Rederij Wagenborg lit woansdeitemoarn ekstra boaten farre nei It Amelân. Dat is omdat der in soad minsken nei it eilân ta wolle, fanwegen it ferwachte moaie waar. De ekstra boaten gean no (om healwei alven) en om healwei ienen noch in kear. Tuskentroch farre de reguliere boaten.

Earder woansdeitemoarn stie der sa'n trije kilometer file by Holwert. Ek by de boat nei Skiermuntseach is it drok, ek dêr stie niiskrekt in file fan sa'n trije kilometer.

Op de Ofslútdyk rjochting Den Oever stiet ek in flinke file. Minsken moatte dêr ek rekken hâlde mei opûnthâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)