Kwart minder tikebiten melden as de ôfrûne jierren
Op de meldingssite Tekenradar.nl binne de earste sân moannen fan dit jier folle minder meldingen fan tikebiten trochjûn as oare jierren. In tikebyt kin liede ta de sykte fan Lyme. It giet om in kwart minder meldings as wat der gewoanwei yn de ôfrûne jierren dien waard. Dit jier binne der oant no ta 4.800 meldings dien.
Mooglik komt dat om't de maitiid drûch wie en dat is in perioade dat teken minder aktyf binne. De moanne july wie lykwols tige wiet en dêrtroch gienen minsken minder de natuer yn. Foar de kommende dagen wurdt warskôge foar in gruttere kâns op tikebiten, om't der waarm waar oankomt.