Bestjoerder scootmobyl yn Drachten ride troch reade ljocht

© De Vries Media
De 45-jierrige man dy't tiisdei mei syn scootmobyl yn Drachten ferwûne rekke by in ûngelok mei in frachtwein hat nei alle gedachten troch read riden. It ûngelok barde tiisdeitemiddei op de krusing fan de Noarderhegedyk mei de De Lange West yn Drachten. De man is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje tinkt dat hy troch it reade stopljocht rieden is en dêrtroch yn botsing kaam mei de frachtwein.