Liveblog: bliuw hjir op 'e hichte fan de frouljus PC

23 aug 2017 - 19:00

It is woansdei in spannende dei foar de Fryske keatsters. Op de fjilden fan keatsferiening Nije Kriich yn Weidum wurdt woansdei de frouljus PC hâlden: de wichtichste keatspartij fan it jier foar de froulju. Om 11.00 oere hinne sette de earste wedstriden útein. Yn totaal dogge der tolve partoeren mei oan de PC. Op de earste list stiet fuortendaliks in kreaker op it programma tusken de twa bêste partoeren dit jier: Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra tsjin Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra.

Yn dit liveblog alle útslaggen en in oersjoch fan wat der bart op de sosjale media. Ferfarskje de side foar de lêste berjochten troch op F5 te drukken. Sjoch foar in folslein oersjoch fan de partijen en útslaggen ek op Omropfryslan.nl/keatsen. Ek by Omrop Fryslân op 'e radio wurdt woansdei mei ferskate bydragen omtinken jûn oan de keatspartij.

Trefwurden: 
frouljus PC keatsen Weidum
(Advertinsje)
(Advertinsje)