Kollum: "Fuotbal"

23 aug 2017 - 09:29

"Snein seach ik tafallich efkes nei Feijenoord-Excelsior. Feijenoord is de iennige Nederlânske ploech yn de Champions League. Mar Feijenoord hat gjin inkelde kâns om ek mar in championsdoelpunt te meitsjen. Sa min, it is gewoan silich. Der kin sels Sam Larsson, dy’t fan Hearrenfean kocht is, neat mear oan dwaan. Sterker, syn spul is krekt as dit Feijenoord. Sa no en dan in aksje, de measte ballen gean ferlern, en fierder mar wat hoarnich omstappe.

No hie’k de jûns tefoaren yn it Abe Lenstrastadion west. Dêr wie ik ek al net al te fleurich weikaam. Selden sa’n gaoatyske wedstriid sjoen. De Hearenfeanspilers rûnen elkoar allegear yn it paad. Doe’t Schaars hieltyd raasde dat it allegear wat sneller moast, rûnen der hieltyd twa man op deselde bal. Trije skotten fan Hearrenfeanspilers op goal waarden keard troch de bealgen fan meispilers. No makke de tsjinstanner der ek in minne wedstriid fan. Acht man efter de bal, en at se der útkamen wisten se net wêr’t se hinne moasten.

Ik ha noch it ien en oar sjoen dit wykein en bin skrokken. De hiele nasjonale kompetysje is nei de kloaten. Eartiids seinen we altyd dat jonge fuotballers net te gau nei it bûtenlân moasten. De eigen klup hie ommers ferlet fan wat rendemint fan de oplieding. Mar ik ha no al tsjin fuotbalembryo’s sein dat se daliks ferhúzje moatte nei it bûtenlân, want hjir wurdt echt weardeleas fuotballe. En at it dan yn it bûtenlân ek net wol, komme se fansels werom, want dan wurde se ferhierd oan klups as Vitesse en NAC. Hoesa Nederlânske kompetysje?

Boppedat de earedifyzje fan it Nederlânske fuotbal ôfrûne wykein wie in slachfjild. Dêr ha de fuotballers elkoar mear oan de bealch skuord en omskopt as útspile. Oerspylje is der net mear by. Elke kear at ien de bal hat, komme der twa of trije op ôffleanen en dan allegear tagelyk skoppe, wrotte, wrame en wat al net. En dêrnei alles op’e grûn en mar raze. Mèèm. Skiedsrjochters meitsje der faak gjin fluittoanen mear oan smoarch, want meast bin beide skuldich. Dy fuotballers ha wol in geweldich úthâldingsfermogen krigen, we neamden dat eartiids Eastdútsk loopfermogen. Dêrom moatte se tink nei twa wike fakânsje al wer oan it trainen. Net wurch te krijen bin dan ek de earmkes en hantsjes fan fuotballers. Elke kear at de bal oer de syd- of efterline giet. Trije, fjouwer man fan elke ploech plus de trainers stekke dan de hân omheech, ús bal, nee uzes. En dan mei der ien yngoaie en dy docht dat fuort tsien of mear meter fierder as wêr’t it wie. Al dy tatoeëarre earmtakjes wurde by elke sprong útstutsen, it falt my noch ta dat it tal beblette hollen noch leger leit as it tal doelpunten. En it irritante gedoch elkoar de bal út de hannen slaan, de bal pakke at je de frije traap net krije, de bal fuortgoaie, of tsien meter nei foaren lizze foar de frije traap at de skiedsrjochter nei syn plak giet. En it toanielspyljen: by in al of net pennel bygelyks of op de râne fan it strafskopgebiet. De spiler dy’t delhelle wurdt hat foardat er falt de hân al omheech, de ferdigener al foar dat er skopt.

O ja, Huntelaar krige snein in tikje yn de rêch en hy stoarte del mei sa’n geâl dat alle 50.000 taskôgers it hearden. De skiedsrjochter joech in frije trape en Huntelaar gie breed gnizend stean. Wer in kear rêden. Ik ha ek foar it earst op it fjild Hakim Zyjech laitsjen sjoen. Om dy aksje fan Huntelaar. Mar it hat hielendal neat mear mei fuotbaljen te krijen. Krekt as de hichtepunten op 't heden yn elke wedstriid: de korners. In hurd gefjocht dat swierder is as fan de middelieuske striders dy’t snein yn Tytsjerk wiene. En hjir dogge de skiedsrjochters hielendal neat.

Tafallich dat Johan Derksen en syn maten it der moandei ek oer hiene. It falt de lju dy’t oan fuotbaljen fertsjinje dus sels al op. Want wy? Wy gean derhinne. Wy bin klapfee. We keapje fuotbaltillefyzjeprogramma’s. We keapje shirtsjes en wat al net. Sa kinne de fuotballers, klups en media foldwaande fertsjinje oan dit sear oan de eagen dwaande gedoch."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)