Harkemase Boys net fierder yn de KNVB-beker

© awfoto
Harkemase Boys is der tiisdeitejûn net yn slagge de earste ronde fan de KNVB beker te berikken. De treddedifizjonist waard yn de twadde foarronde op eigen fjild útskeakele troch Sparta Nijkerk. It duel moast beslist wurde troch strafskoppen, nei't it duel yn 0-0 einige wie. Sparta wie dêryn krekt wat better.
De Harkiten hiene yn de earste helte noch in licht oerwicht, mar der waard oan beide kanten net skoard. Ek yn de twadde helte kamen beide ploegen net ta in doelpunt, sadat in ferlinging de beslissing bringe moast. Mar ek yn dy ferlinging waard net skoard. Sparta Nijkerk naam de strafskoppen dêrnei better: 3-2.