Hans Meetsma leveret spjelde fan fertsjinste fan SKS yn

22 aug 2017 - 22:05

Hans Meetsma fan it Jouster skûtsje hat syn spjelde fan fertsjinste fan de SKS ynlevere. Hy docht dit út teloarstelling dat syn skûtsje by de SKS diskwalifisearre waard. Hy is it dêr net mei iens en fynt dat De Jouwer dit net fertsjinne. Meetsma jout yn in ynstjoerde brief oan dat er foarearst net by de sprekwurdlike 'famylje' fan de SKS mear hearre wol. Hy hat 39 jier aktyf west by de silerij fan de SKS. 

It Jouster skûtsje waard dizze moanne nei twa dagen SKS-silen diskwalifisearre, om't de wedstriidlieding fûn dat it skûtsje net foldie oan de ferplichte orizjinaliteitsregels.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(advertinsje)