Plomfeehâlder De Jong hat gjin betrouwen yn polityk

De Fryske plomfeehâlder Douwe de Jong fan Parregea hat der gjin betrouwen yn dat de polityk mei in oplossing komme sil foar de fipronilkrisis. Syn bedriuw sit al hast in moanne lang folslein op slot om't it gemyske guod yn syn hinnen en aaien fûn waard. Om't er syn aaien no net kwyt kin, lizze al hast in miljoen aaien op syn hiem te wachtsjen op in oplossing.
De Twadde Keamer komt woansdei werom fan reses om oer de fipronil-aaien te praten, mar de pikeboer ferwachtet net dat it ta in oplossing komt. Neffens him binne de regels fierstente strang. Sa moat in bedriuw al op slot as der mar in hiel lyts bytsje fipronil fûn wurdt en duorret it hiel lang foardat de NVWA in bedriuw dan wer frij jout.