Swimme yn wetter Harnzer binnenstêd mei net, mar it bart wol

22 aug 2017 - 21:14

Yn it farwetter yn de binnenstêd fan Harns wurdt rûnom swommen, mar offisjeel mei dat net. Dat seit havenmaster Willem Daniel Glashouwer. En neffens him smyt dat ek totaal gjin gefaarlike sitewaasjes op. Ferline jier wie der in soad gedoch oer it swimferbod en wiene der sels petysjes begûn om it ferbod werom te draaien. Ek yn de gemeenteried is der oer praat, mar it ferbod bleau bestean.

Neffens de havenmaster is it lykwols allinnich in ferbod op papier. Der is net ien dy't der op ta sjocht en by de havenmaster is der ek noch net ien klacht binnenkaam.

Trefwurden: 
Harns swimme ferbod farwetter
(advertinsje)