Chris de Wagt wurdt nije trainer fan Jong SC Hearrenfean

22 aug 2017 - 21:02

Chris de Wagt wurdt de nije trainer fan Jong SC Hearrenfean. Hy tekenet in kontrakt foar ien jier. De Wagt is op it stuit haadtrainer fan s.v. Olyphia en haadtrainer by ONS Snits. Hy sil beide funksjes kombinearje mei it trainerskip by Hearrenfean. Hy wurdt by Jong Hearrenfean assistearre troch Wilco Hellinga. De Wagt spile yn it ferline by ûnder oare SC Cambuur en FC Oss. 

Hy is bliid mei de kâns dy't SC Hearrenfean him biedt: "Je krije net eltse dei de mooglikheid om by in BVO sa'n moaie funksje útoefenje te meien. Myn doel is om in plan út te stippeljen mei de spilers en se dêrmei sawol taktysk as sportyf better te meitsjen."

Technysk manager Gerry Hamstra: ''We zijn blij dat we met Chris de Wagt en Wilco Hellinga twee prima trainers in huis hebben. Ze gaan komend seizoen individueel aan de slag met de spelers om ze beter te maken en ze uiteindelijk door te laten stromen naar de eerste selectie.''

(advertinsje)
(advertinsje)