Deiwinst IFKS skûtsjesilen yn Heech foar Drie Gebroeders

It Gordykster skûtsje Drie Gebroeders fan skipper Arend Wisse de Boer hat tiisdei oertsjûgjend de twadde wedstriid fan it IFKS skûtsjesilen op de Hegemer Mar wûn. Foarich jier helle De Boer ien deiwinst, dat wie doe ek yn Heech. It skûtsje It Swarte Wief fan skipper Jaap Hofstee fan De Tynje skreau it twadde plak op syn namme. Skipper Arnold Veenema fan it skûtsje Zeldenrust fan Snits kaam as tredde oer de finish.
It like der earst opnij op dat in wedstriid fan it IFKS skûtsjesilen skrast wurde soe lykas ôfrûne sneon yn Hylpen. Nei in útstelde start waard tiisdei yn Heech úteinlik wol it startskot jûn, mar al nei tsien minuten waard de wedstriid troch de wedstriidlieding stillein. Efkes foar fiif oere waard dochs besletten opnij te starten.
De wedstriidkommisje hie in protest rinnen tsjin Merijn Olsthoorn fan de Emanuel. Dat wie om't se tsjin de tonne opsitten hiene by de gaoatyske finish. Dy hat him dêrop weromlutsen en wurdt dêrom reglimintêr lêste.
“We nimme der jûn ien op” sei skipper Arend Wisse de Boer fan de Drie Gebroeders nei ôfrin fan syn winst. “We wienen goed fuort by de start en koenen ús eigen rûte sile en dat wie de bêste rûte. Opsterlân boppe!”
De skippers moasten lykas moandei wer lang wachtsje op de wyn. Der is twa kear start. “De twadde start wie better as de earste foar ús. It is machtich, prachtich."
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.