Steancaravan en pleats yn de brân yn Aldeholtwâlde

22 aug 2017 - 17:35

De brânwacht is tiisdei mei meardere weinen útriden foar in grutte brân oan de Brugslootweg yn Aldeholtwâlde. De brân ûntstie om 17.00 oere hinne yn in steancaravan en is oerslein nei it neistlizzende gebou, in wenning of skuorre. Der is dêrom opskaald nei grutte brân. Fanwege in tekoart oan bluswetter, binne weinen út ferskate plakken yn de omkriten ûnderweis nei Aldeholtwâlde mei wetter.

Update: Om 19.00 oere hinne wie de brân blust. De steancaravan is folslein útbaarnd, de pleats hat grutte skea. It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstien is. Neffens berjochten fan de brânwacht binne der gjin minsken of bisten ferwûne rekke troch de brân.

Trefwurden: 
Aldeholtwâlde brân
(advertinsje)
(advertinsje)