Maarten van der Weijden ropt op om mei him mei te swimmen

22 aug 2017 - 18:00

Swimmer Maarten van der Weijden sil yn trije dagen de Alvestêdetocht swimme. Dat docht er takom jier yn augustus. De eardere Olympysk kampioen dreamt der al tiden fan.

Genieten

“Na mijn Olympische goud heb ik een aantal jaren niet gezwommen, maar nu zwem ik alweer twee jaar. De snelheid is weg, maar mijn lichaam is zo getraind dat ik het wel lang kan volhouden. Al een tijd was ik aan het denken wat nou het mooiste zou zijn om te zwemmen. Ik dacht aan de Noordzee of de Waddenzee, maar in Nederland is er eigenlijk maar een ultieme plek voor zoiets en dat is de Elfstedentocht. Zwemmen is een langzame sport, ik denk drie dagen nodig te hebben, dus dan kan ik er extra lang van genieten.”

Luchtbed

Earder dizze moanne swom er noch it Kanaal tusken Grut-Brittannië en Frankryk oer, hinne en werom. Dat is in tocht fan sa'n 66 kilometer. “Dit is meer dan het dubbele dat ik ooit heb gedaan, maar ik denk dat het kan gaan lukken. Het liefst zwem ik non-stop, maar die ervaring heb ik nog niet. Een nacht heb ik weleens overgeslagen, de komende maanden ga ik proberen twee nachten over te slaan. Ik blijf wel in het water, kan op een luchtbed in het water een halfuurtje slapen. Ik ga zeker niet in een hotel slapen.”

Meiswimme

Mei it swimmen fan de 200 kilometer lange Alvestêdetocht wol Van der Weijden jild ynsammelje foar syn stichting, dy't as doel hat om it libben fan kankerpasjinten te ferbetterjen. Sels is er ek better wurden nei’t er kanker hân hat. “Daar ben ik zo dankbaar voor en dat geluk gun ik anderen ook.” Minsken kinne har sponsorje litte om mei him mei te swimmen. “Je kunt meezwemmen voor bijvoorbeeld 500 meter of twee kilometer. In elke stad is een zwemevenement op het moment dat ik daar aankom en je kunt dus echt met mij meezwemmen.” Ynformaasje dêroer is te finen by de Maarten  van der Weijden foundation.

Wetterkwaliteit

Wetterskip Fryslân kontrolearret de wetterkwaliteit en sil derop tasjen dat Maarten en syn meiswimmers feilich swimme kinne yn it Fryske wetter.

(advertinsje)
(advertinsje)