Fiif simpele tips hoe't je maklik én fergees mear bewege

22 aug 2017 - 16:30

Nederlanners sitte te folle op 'e kont en bewege fierstente min. Dêrfoar warskôget de Gezondheidsraad. Minsken dy't te min beweging krije hawwe folle mear kâns op hert- en iersykten. Yn de nije rjochtlinen fan de Gezondheidsraad stiet dat folwoeksenen minimaal 2,5 oere yn de wike yntinsyf bewege moatte soenen om de spieren en bonken te fersterkjen. Hjir fiif tips om maklik én fergees wat mear beweging te krijen.

1. Fytse nei it wurk

Och, wat stiet dy auto dochs relaxt foar de doar. En al is it soms mar in lyts stikje, dochs wint it gemak fan de auto it faak. Hielendal as der in tsjustere loft bûten driget. Mar hé jong, pak gewoan dy fyts ris efkes wat faker nei it wurk. En dy pear boadskipkes kinst ek bêst meinimme op de fyts hear. Op de fyts begjinst de wurkdei krekt wat fitter, ûnderweis sjochst fan alles en ... oan de ein fan de dei kinst moai dyn holle noch efkes leegje ast wer nei hûs fytst. Hast fuort al in pear yntinsive kertierkes beweging te pakken. 

2. Lunsjkuierje

Ite moat eltsenien. Dat kin fansels sittend yn 'e kantine mei sterke ferhalen of thús oan de keukenstafel. Mar wêrom nimst dyn bôlebakje net gewoan mei nei bûten foar in lekkere kuier? Krijst der fuort in hap frisse lucht by en in bytsje fitamine D.

3. Pak gewoan ris dy trep

Kantoar of dyn favorite kleanwinkel op de tredde ferdjipping? Poeh, it fielt yn it begjin miskien as in maraton, mar ast alle dagen gewoan ris de trep pakst yn stee fan de lift of roltrep, dan huppelest foarst it witst al dy treden sa op. Goed foar dyn longen, hert en spieren. Enne....as de wurkdei foarby is, dan giet dy trep nei ûnderen noch folle flotter.

4. Kofje of tee helje foar in kollega

Hup, kom ris út dy ientoanige hâlding efter dat buro wei. Lekker de skonken yn beweging en de rêch efkes strekke. It set miskien net de measte stappen op dyn stappeteller, mar alle lytse bytsjes helpe. Dus efkes in útstapke nei de kofje-automaat (al is wetter better fansels) en dan mar wer oan it wurk. In bonuspunt ast noch in bakje meinimst foar dyn kollega.

5. Burostuollerace

Nei hast acht oeren wurkjen hawwe de measten it wol besjoen. Noch efkes trochsette hear. En oars kin in burostuollerace tusken de kollega's noch foar in pear flotte minuten beweging soargje.

Trefwurden: 
bewege tips mear bewege
(Advertinsje)
(Advertinsje)