Frouljus-PC: "Yn de earste omloop sit fuort al fjoerwurk"

23 aug 2017 - 08:45

Tolve partoeren steane op de frouljus-PC dy't woansdei ferkeatst wurdt yn Weidum. Fuort yn de earste omloop is it al spannend, want dan steane de twa favorite partoeren tsjinoer elkoar. Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra moatte it opnimme tsjin Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra. "Dat wurdt fuort al fjoerwurk" neffens sportferslachjouwer Geert van Tuinen. Beide partoeren stienen ôfrûne snein yn Akkrum yn de finale, de generale foar de frouljus-PC. Dy partij waard wûn troch it trio Tuinenga.

Talint

De partoeren fan Nicole Hempenius en fan Elly Hofman moatte we neffens Van Tuinen ek yn de gaten hâlde dy't dit seizoen al tal fan partijen sjoen hat. "Benammen Martzen Deinum dy't mei Elly Hofman keatst fyn ik echt in talint." Mei dizze lotting achtet er de kâns grut dat in outsider kâns makket op in finaleplak.

Omrop Fryslân docht ferslach fan de 41ste edysje op radio, telefyzje en op ynternet is it ferrin fan de dei te folgjen fia in liveblog.

Sjoch foar alles oer it keatsen op Omropfryslan.nl/keatsen.

Trefwurden: 
frouljus-PC keatsen Weidum
(Advertinsje)
(Advertinsje)