Wedstriidlieding IFKS leit grutte A op Hegemer Mar stil

22 aug 2017 - 16:05
Foto: Twitter IFKS

It IFKS skûtsjesilen op de Hegemer Mar by Heech is saniis stillein. Nei in útstelde start foar de A-klasse mochten de skûtsjes dochs starte, mar om't der hast gjin wyn stiet hat de wedstriidlieding besletten om de wedstriid foarearst stil te lizzen. Mooglik sil de A-klasse dochs noch opnij starte. Dat moat dan foar tiisdeitejûn seis oere wêze.

Omrop Fryslân hâldt jo fansels op 'e hichte fan in mooglike nije start. It is al de twadde wedstriid dy't net trochgiet. De earste wedstriid sneon gie ek al net troch. Moandei waard der al syld, al hâlde it mei de wyn ek net oer.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(Advertinsje)
(Advertinsje)